Unrêst op Flylân oer fearboat

31 jan 2014 - 12:24

De útspraak fan de rjochter dat de Eigen Veerdienst Terschelling dochs wer farre mei soarget foar in soad ûnrêst op Flylân. Benammen ûndernimmers binne benaud foar de mooglike gefolgen foar de boaten nei it eilân.

Doeksen beriedt him noch op de gefolgen fan de útspraak fan de rjochter. Ien fan de mooglike gefolgen soe wêze kinne dat it tal ôffearten nei de eilannen minder wurdt. Dat soe grutte gefolgen hawwe foar de ûndernimmers op Flylân, tinkt Erik Houter fan de ûndernimmersferiening op Flylân.

De EVT biedt fuortendaliks wer kaartjes oan, no't it gerjochtshôf yn Den Haag besletten hat dat de rederij ek nei 1 febrewaris farre mei. It gerjochtshôf ferneatige troch dy útspraak it beslút fan steatssekretaris Mansveld fan ôfrûne hjerst oer it stillizzen fan de EVT. De webside fan de rederij is ek wer berikber. Fan 1 maart ôf komt de oerfarder De Spathoek wer yn de feart.

De hiele striid rûnom de EVT hâldt ek Skylge bot dwaande, mar der binne net in soad minsken dy't reageare wolle. Eigener Wijk van der Zee fan hotel Oepkes is benaud dat de twastriid ek foar ûnrêst soarget by toeristen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)