'Kafees SWF sille fallyt gean'

31 jan 2014 - 12:06
  • Kastlein Eppie Otter fan Wytmarsum

Hoareka-ûndernimmers yn Súdwest-Fryslân binne de dupe fan it beslút fan de gemeenteried om mear hoareka-aktiviteiten yn doarpshuzen en sportkantines ta te stean as tolve yn 't jier. Dat seit Van Erven fan Horeca Nederlân. Hy ferwachtet dat ien op de fjouwer doarpskafees fallyt gean sil. Se hawwe al lêst fan de krisis. Unearlike konkurrinsje fan subsidiearre ynstellings komt dêr noch by. It beslút soarget foar twaspjalt op de doarpen. Kafeebazen komme tsjinoer bestjoeren fan sportkantines te stean en doare dêr net oer te praten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)