Kollumer rydt hast 100 te hurd
In 19-jierrige Kollumer is tongersdeitemiddei syn auto en syn rydbewiis kwytrekke, om't er fierste hurd ried. De man waard by in laserkontrôle op de Saatsenwei by Ingwierrum klokt mei in gong fan 178 kilometer yn de oere.
Op dat plak mei net hurder as 80 riden wurde.