Nije seal foar Fûgelhelling

10 feb 2012 - 17:12

Fûgelopfang De Fûgelhelling yn Oerterp hat de ôfrûne winterdagen sa'n twahundert fûgels yn need opfongen. Alle dagen komme der 20 oant 30 fûgels by. Dochs hat De Fûgelhelling gjin krapte. Foar alle fûgels is plak. It wie freed feest by de fûgelopfang. De lokaasje wurdt hieltyd faker brûkt foar gearkomsten en lessen oan bern en dêrom is der in grutte seal by kommen. Deputearre Sietske Poepjes iepene dy seal.

Trefwurden: 
fûgelopfang
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)