Sotsji: Sybren Jansma

It bobslydteam mei Sybren Jansma (twadde fan links) © ANP
It is noch sân dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Sybren Jansma (32 jier, Grins, bobslydzje).
Sybren Jansma komt fan De Pein. Hy begjint yn Sotsji oan syn tredde Olympyske Spelen. Foar Jansma is it saak om blessuerefrij oan syn Olympysk aventoer te begjinnen. Slagget dat, dan is er ien fan de bêste remmers fan it fjild. De kâns is dan grut dat er sawol yn de twa- as yn de fjouwermansbob fan piloat Edwin van Calker sitte sil. Boppedat hat it team Van Calker noch wat rjocht te setten. Yn 2010 yn Vancouver waard de twamansbob 14e, mar kaam de fjouwermansslide net oan de start omdat Van Calker de baan net feilich genôch fûn. Dit seizoen binne de resultaten noch net geweldich. Mei de fjouwermansbob waard de kwalifikaasje foar Sotsji helle. De twamansbob krige dêrnei grien ljocht fan it NOC*NSF om ek mei te dwaan. Dat kin belangryk wêze, omdat earst mei de twamansbob de baan goed fertroud wurde kin.