Daksgoaten sloophûs stellen

31 jan 2014 - 10:35

Twa manlju fan 26 en 33 jier fan De Lemmer binne tongersdeitejûn oppakt yn Ljouwert foar stellerij fan daksgoaten. In tsjûge seach in ljedder tsjin in sloopwente oan de Urkerstrjitte stean. Hy warskôge de plysje.

It fertochte duo naaide út, mar koe yn de Gale Hamkesstrjitte oanhâlden wurde. Ien fan de Lemsters hie thús noch mear daksgoaten lizzen. Dy binne yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)