Yanic Wildschut nei ADO

Yanic Wildschut © Omrop Fryslân, Dirk Jan Haarsma
Oanfaller Yanic Wildschut fan SC Hearrenfean makket it seizoen ôf by ADO Den Haag. Wildschut wurdt foar in heal jier ferhierd en ADO hat foar dêrnei in opsje ta keap. Wildschut kaam ôfrûne simmer fan VVV Venlo nei Hearrenfean, mar kaam amper oan spyljen ta.
Fan freed ôf traint Wildschut al mei by ADO Den Haach. Sneon sil er net meidwaan mei syn nije klup tsjin syn âld klup. ADO spilet dan in útwedstriid tsjin SC Hearrenfean.