VDM freget surseânse oan

VDM Woningen út Droegeham hat útstel fan betelling oanfrege. Dat hat de direksje fan it bedriuw befestige. Der wurkje sa'n 140 minsken by VDM. De surseânse wurdt nei alle gedachten freed útsprutsen. Dan wol de direksje fan it bedriuw ek fierder op de gong fan saken yngean.
VDM Woningen is in begryp yn de bouwrâld yn Fryslân en stiet foaral bekend om de houtskeletwenningen. Woansdei is troch it bedriuw yn gearwurking mei de gemeente Súdwest-Fryslân noch in projekt presintearre foar santjin goedkeape, enerzjysunige huzen yn Boalsert.