Frysk ûnderwiis nei provinsje

Der is yn de Twadde Keamer breed draachflak foar it foarstel fan steatssiktaris Dekker om it foech foar it ûnderwiis yn it Frysk te desintralisearjen fan it ministearje fan ûnderwiis nei de provinsje Fryslân. Dat die tongersdei bliken by in keamerdebat oer it ûnderwiis yn it Frysk.
Dat keamerdebat wie oanfrege troch de SGP, omdat de partij der muoite mei hat dat it ryk de ynhâldlike ferantwurdlikheid foar it ûnderwiis delegearret nei in legere oerheid.
De partij waard gerêststeld troch de tasizzing fan steatssiktaris Dekker dat it ryk allinnich foar Fryslân in útsûndering makket. It beslút is histoarysk, want it ministearje fan ûnderwiis woe oant no ta gjin inkele ferantwurdlikens ôfstean. Twadde Keamerlid Lutz Jacobi fan de PvdA begûn har bijdrage oan it debat yn it Frysk mei de wurden: It kealle swier, mar no is it safier.