Fertochte moard Eker noch fêst

30 jan 2014 - 15:47
  • Rjochter mei hammer

De tredde fertochte yn de moardsaak Henk Eker fan Easterwâlde moat noch seker twa moannen fêstsitte. Dat hat de rjochtbank tongersdeitemiddei besletten by de saneamde pro-formasitting. Neffens de offisier fan justysje mei de man net frijlitten wurde om't der genôch earnstige beswieren binne.

De rjochter giet dêr yn mei, mar stelt al dat it Iepenbier Ministearje de saak binnen twa moannen ôfrûnje moat. Dêrfoar moatte de twa oare fertochten út Bovensmilde en Amsterdam wer heard wurde. Sa moat dúdlik wurde wa't no krekt sketten hat.

Advokaat Meijering fan de tredde fertochte is teloarsteld yn de útspraak. Hy begrypt net wêrom't de beide oare fertochten wol frijlitten binne en syn kliïnt net.

Nei alle gedachten is Eker it slachtoffer wurden fan in mislearre ripdeal. Hy soe weed ferhannelje oan twa mannen út Amsterdam. Dy betellen ûnder oare mei falsk jild. Dêrnei is der in pistoal lutsen en is der twa kear sketten. Ien fan dy kûgels hat Henk Eker deadlik rekke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)