Oerlis oer feiligens Westeinde

30 jan 2014 - 14:05

Gemeente Ljouwert sil moandei mei it wykpanel Westeinde oerlizze oer de ferkearssituaasje yn de wyk. Tongersdeitemoarn holden bewenners aksje om omtinken te freegjen foar de ferkearsfeiligens. De wyk is benammen yn de spitsoeren in populêre slûprûte foar auto's.

Yn it ferline hat de gemeente al meardere oanpassings oan de ynrjochting fan de dyk dien.Wethâlder Thea Koster lit yn in reaksje witte dat grutte oanpassings no net te ferwachtsjen binne. Want iepenbier ferfier en lânbouferkear moat ek noch oer de dyk kinne.

Neffens de wethâlder is it in kwestje fan fatsoen om jo oan de maksimale snelheid fan 30 kilometer te hâlden. It probleem mei de 30 kilometer sônes spilet net allinnich yn de wyk Westeinde, mar ek op tal fan oare plakken yn Ljouwert.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)