EVT troch mei feartsjinsten

30 jan 2014 - 13:43

De EVT hat it spoedappel oer syn farfergunning wûn. Dat betsjut dat de feartsjinst ek yn de takomst passazjiers ferfiere mei tusken Skylge en Harns. Tongersdei hat it gerjochtshôf yn Den Haach it beslút fan de rjochtbank ferneatige. It gerjochtshôf fynt dat der te min oerlis west hat. Boppedat set it fraachtekens by it ferlies fan Doeksen.

Ein desimber joech de rjochtbank de EVT net gelyk, doe't dy beswier makke tsjin it beslút fan steatssikaris Mansveld om de fergunning mei yngong fan 1 febrewaris yn te lûken.

De EVT begûn yn 2008 mei syn feartsjinst. De rederij waard oprjochte troch in groep Skylgers.

Trefwurden: 
Harns Skylge EVT
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)