Sleepboat brekt iis by Skier

Sleepboat de Balgzand fan de Keninklike Marine hat it freed drok mei it brekken fan it iis yn de haven fan Skiermûntseach. Der lizze sa'n soad iisskotsen yn de haven dat it foar de fearboat dreech is om oan te lizzen. De Balgzand baant dêrom it paad. Ek wurdt yn de rest fan de haven it iis oan pún fearn. De sleepboat moast ek al in kear foar de boat út farre nei Lauwerseach, om't der tefolle iis op it Waad is. De boat fan de Marine wurdt ynset om't de measte sleepboaten al ferhierd binne. Op Skier is in boat nedich mei minimale djipgong.