Boalsert definityf út SKS

Boalsert hat definityf gjin skûtsje mear yn de SKS silerij. De famylje Meeter hat besletten it eigen famyljeteken yn it seil te setten yn stee fan de B fan Boalsert. De stichting Boalserter Skûtsje woe de B yn it seil hâlde, mar dat wegerje de Meeters. Der hat tiisdeitejûn in petear west om te sjen oft der mooglikheden wiene ta in kompromis, mar dat is mislearre.
Der komt in nije stichting foar it skûtsje. Akkrum wurdt it nije plak dêr't it skûtsje foar útkomme sil, sa fertelt skipper Pieter Meeter. Dy plaknamme komt achter op it skûtsje.