Brêge ticht foar swier ferkear

De brêge by Dronryp oer it Van Harinxmakanaal © Google Maps
De brêge oer it Van Harinxmakanaal yn Dronryp mei fan moandei ôf net mear brûkt wurde troch frachtferkear dat swierder is as tritich ton. De gemeente Menameradiel hat dat beslút naam yn oerlis mei de provinsje. Dy konstatearre by in ûndersyk technyske mankeminten.
Doel is dat de brêge yn 2016 opknapt of ferfongen wurdt. Oant dy tiid moat swier ferkear omride oer Ljouwert. De skipfeart hat gjin lêst fan de beheining.