Sotsji: Daan Breeuwsma

30 jan 2014 - 11:14

It is noch acht dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Daan Breeuwsma (26 jier, Aldeboarn, shorttrack).

Daan Breeuwsma is yn Sotsji Olympysk debutant. Hy makket diel út fan de Nederlânske ploech op de ôflossing. Breeuwsma hie ek graach de 500 meter ride wollen en rekkene der ek op dat dat sa wêze soe. Bûnscoach Jeroen Otter tocht dêr lykwols oars oer. By wrâldbekerwedstriden yn 2013 helle er twa kear de top-10. Syn iennichste yndividuele medalje ynternasjonaal helle er yn 2011 yn Shanghai by de wrâldbeker op de 500 meter. Yn desimber 2013 wie er in skoftsje útskeakele troch in firus. Mei Sjinkie Knegt, Niels Kerstholt en Freek van der Wart rydt Daan Breeuwsma de ploege-ôflossing. Op dat ûnderdiel waard it kwartet yn 2011 en 2012 Europeesk kampioen. De jierren dêrnei wie Ruslân krekt better en waard it in sulveren medalje. Datselde earemetaal helle er mei de ploech ek yn 2012 yn Shanghai op it wrâldkampioenskip. In jier letter waard it WK-brûns helle.

Daan Breeuwsma rydt yn Sotsji de ploege-ôflossing.

Sjoch hjir nei it profyl fan Antoinette de Jong.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)