Ride op Ryptsjerksterpolder

Reedriders hawwe tongersdeitemoarn de earste streken set op it iis fan de Ryptsjerksterpolder. It giet om Leo Schuil, Jochem de Vries en Herman van der Geest. De trije binne faker de earsten dy't it iis yn de polder opgean. It iis hat op dit stuit in dikte fan heechút twa sentimeter. De riders sakken der hjir en dêr dan ek trochhinne.
Ek yn Menaam wurdt riden. Bern fan de iepenbiere skoalle kinne dêr gebrûk meitsjen fan in stik fan it plein dat woansdeitejûn ûnder wetter setten is.