Ynbrekker rint tsjin 'e lampe

30 jan 2014 - 10:30
  • Ynbraak

In 42-jierrige Ljouwerter is yn de nacht fan woansdei op tongersdei yn de boeien slein doe't er ynbruts by in basisskoalle oan de Larixstrjitte yn syn wenplak. De plysje waard belle troch omstanners dy't seagen dat der in man by de skoalle omspoeke. Doe't de plysje by it gebou kaam, klautere de man krekt út in rút en slûpte it dak fan it bernedeiferbliuw op. Op it dak koe de man oanholden wurde.

In twadde ynbrekker ûntsnapte fia de Cederstrjitte. De plysje hopet ek dizze man noch oanhâlde te kinnen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)