100 Friezen nei feest Beatrix

30 jan 2014 - 10:21

Sa'n 100 Friezen binne kommende sneon oanwêzich by it tankfeest foar prinses Beatrix. De Friezen binne útnoege troch kommissaris fan de Kening John Jorritsma, dy't sels in delegaasje gearstalle mocht. Jorritsma hat dat dien yn oerlis mei de Fryske gemeenten.

It tankfeest wurdt hâlden yn Ahoy yn Rotterdam. It feest stie oarspronklik pland foar 14 septimber, mar gie doe net troch fanwege it ferstjerren fan prins Friso.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)