REC krijt twadde stoomturbine

30 jan 2014 - 10:18

De Reststoffen Energie Centrale (REC) yn Harns krijt in twadde stoomturbine. Dat hat eigener Omrin bekend makke. Mei de turbine wurdt griene stroom opwekt, dy't brûkt wurdt troch Fryske húshâldens. Mei de al besteande turbine wurdt dat ek dien. Dy levere neffens Omrin yn 2012 hast de helte fan de griene stroom yn Fryslân.

Foar de bou fan de twadde turbine is wol in nije fergunning nedich. Omrin sil dy meikoarten oanfreegje by de provinsje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)