Nij referindum 'Friese Meren'

Ien referindum soe wolris net genôch wêze kinne om te kiezen tusken de Friese Meren of de Fryske Marren; der komt mooglik noch ien. Yn de gemeenteried gean stimmen op om noch in referindum te organisearjen. De VVD fynt bygelyks dat soks wol kin yn maaie as der Europeeske ferkiezings hâlden wurde, sa waard woansdei dúdlik yn de gemeenteriedsfergadering.
Aksjefierders tsjin de Fryske namme binne fan doel om mei in boargerinisjatyf te kommen om sa in nij referindum ôf te twingen.
Fierder wolle de tsjinstanners dat der pas yn oktober in beslút naam wurdt en net yn maart sa as kolleezjepartijen FNP en CDA wolle. De FNP is helder oer hokker namme der dan foarsteld wurdt, dat is de Fryske Marren.