Aris wint yn Rotterdam

Aris Ljouwert © Omrop Fryslân
Aris hat woansdeitejûn yn de kwartfinale fan it bekertoernoai mei 80-58 fan Rotterdam wûn. Yn Rotterdam kamen de Ljouwerters al rap op foarsprong. Nei it earste kwart hie de ploech fan trainer Molthoff al in 24-13 foarsprong. Benammen nei rêst koe Aris flink útrinne, nei úteinliks dus dizze moaie oerwinning.Takom wike tiisdei is de twadde wedstriid yn Ljouwert.
Mocht Aris de heale finale helje, dan moatte de Ljouwerters it opnimme tsjin Leiden of Nijmegen.