'Ekskuzes foar REC-flaters'

29 jan 2014 - 22:21

De provinsje soe ekskuzes meitsje moatte foar de grutte flaters dy't makke binne by de ôffaloven, de REC, yn Harns. Dêrneist soene alle no noch geheime stikken sa gau mooglik iepenbier makke wurde moatte. Dat easke in part fan de opposysje woansdei yn de kommisjegearkomste fan Provinsjale Steaten.

Neffens ûnder oare de SP en Grienlinks is folsleine iepenheid nedich om it betrouwen fan de boarger werom te krijen. De kommisje spruts woansdei oer it ferneatigjende rekkenkeamerûndersyk dat in pear wike lyn útkaam.

Dêryn stie grutte krityk op hoe't it provinsjale bestjoer omgien is mei de fergunning foar de bou fan de REC.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)