Erkenning foar Stenden

29 jan 2014 - 18:46

De Stenden Hegeskoalle yn Ljouwert hat as earste Nederlânske hotelskoalle in wichtige ynternasjonale erkenning krigen. De oplieding Toerisme- en Hospitality Management is ûndersocht troch it International Centre of Excellence en neffens dat ynstitút foldocht Stenden oan alle easken.

Benammen de fasiliteiten en de wize wêrop Stenden mei syn studinten omgiet binne neffens it ynstitút bysûnder goed.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)