Fjoerwurkymporteur fallyt

Fjoerwurk © ANP
Fjoerwurkymporteur Schuurmans yn Ljouwert is fallyt. Dêrtroch ferlieze 16 minsken harren baan. Earder dizze wike hawwe de leveransiers fan it bedriuw al al it fjoerwurk ophelle. It bedriuw hat troch de ekonomyske krisis folle minder ferkocht as tocht. Boppedat binne der yn de ôfrûne jierren te grutte ynfestearings dien, sa seit kurator Ineke Grijpma nei in earste petear mei de direksje fan it bedriuw. Sy ûndersiket wat de mooglikheden binne fan in trochstart. Schuurmans is de âldste fjoerwurkymporteur fan Nederlân en bestiet al sûnt 1812.