Ek Van der Velde is ferrast

"As jo it goeie gefoel net mear ha, moatte jo ophâlde." Dat seit âld-foarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean oer it beslút fan trainer Marco van Basten om oan de ein fan dit seizoen fuort te gean by de klup. Van der Velde fiert op it stuit fakânsje en wit net krekt de reden wêrom't Van Basten opstapt.
De âld-foarsitter hie mei Foppe de Haan in posityf advys oan de klup jûn om it kontrakt mei de trainer te ferlingen. Van der Velde hat in soad fertrouwen yn it nije bestjoer om in goeie, nije trainer oan te stellen.
Van der Velde slút net út dat de klup him, Foppe de Haan en Gertjan Verbeek om advys freegje sil.