Gearwurking Cambuur en Grins

Sportklup Cambuur en FC Grins geane noch trije jier langer troch mei de mienskiplike jeugdoplieding. Beide klups sjogge in soad foardielen yn de gearwurking. Dêrmei ûnderskiede Cambuur en Grins harren fan oare betelle fuotbalklups, dy't ophâlde mei harren gearwurking.
Neffens Cambuur-direkteur Gerald van den Belt komt dat omdat Grins en Cambuur elk harren eigen kultuer behâlde. Yn Ljouwert waard krektlyn it trainingskompleks foar de jeugd hielendal renovearre.