Zielman twadde by iepen NK

Carla Zielman mei winneres Mariska Huisman en Foske Tamar van der Wal © ANP
Maratonrydster Carla Zielman fan Rottum is woansdei twadde wurden by it iepen Nederlânsk kampioenskip op de Weissensee yn Eastenryk. Yn de einsprint moast Zielman winneres Mariska Huisman foargean litte. It tredde plak wie foar Foske Tamar van der Wal.
Huisman wie fan tefoaren al tipt as grutte favorite. De suster fan de lêstendeis ferstoarne maratonrider Sjoerd Huisman wie foarich jier ek al de rapste op de Weissensee.