Advys brûken bestridingsmiddel

29 jan 2014 - 11:00
  • Fjild leeljes

Der komt in nij ûndersyk nei it brûken fan bestridingsmiddels yn de leeljetylt. Dat hat de Gezondheidsraad woansdeitemiddei bekend makke. Yn Aldemardum ûntstie okkerdeis ûnrêst neidat it gif fan de leeljefjilden oer it doarp stode.

Yn it doarp en ek yn de polityk gienen doe stimmen op om it brûken fan in bepaald gif hielendal te ferbieden, lykas yn oare lannen yn Europa al it gefal is. Sa fier wol de Gezondheidsraad yn syn advys earst noch net gean. Bewenners reagearren dan ek teloarsteld op it advys dat oan minister Mansveld oanbean waard.

Leeljekwekers brûke it middel 'metam natrium' om lytse ieltsjes út de lely's te hâlden. Ynwenners fan Aldemardum hawwe aksje fierd tsjin it middel, dat neffens harren yn har achtertún telâne kaam is doe't de boer it middel spuite. Sy soene dêr sûnensklachten fan krigen hawwe.

De Gezondheidsraad hat yn opdracht fan twa ministers mei ferskate partijen praat oer de kwestje. Yn it advys fan de Gezondheidsraad stiet dat der fierder ûndersyk nedich is, om't op dit stuit net foldwaande bekend is wat de gefolgen binne foar omwenners. Oanwizings foar sûnensklachten dogge oant no ta benammen bliken út bûtenlânsk ûndersyk. Wol riedt de Gezondheidsraad oan om maatregels te nimmen om de bleatstelling te ferminderjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)