Sotsji: Antoinette de Jong

29 jan 2014 - 10:57
  • Antoinette de Jong

It is noch njoggen dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Antoinette de Jong (18 jier, Rottum, reedride).

Antoinette de Jong is op de dei fan har Olympyske 3000 meter yn Sotsji 18 jier en 310 dagen jong. Dêrmei is se de op twa nei jongste reedrydster ea dy't foar ús lân útkomt op de Winterspelen. Antoinette de Jong is lid fan Jong Oranje, mar slút yn it bûtenlân geregeld oan by de TVM ploech fan Gerard Kemkers. De Jong ried yn novimber 2013 yn Calgary it wrâldrekôr junioaren op de 3000 meter fan Martina Sábliková út de boeken. In wike letter ferbettere se har wer yn Salt Lake City. It grutte Fryske talint waard yn 2013 twadde op it WK junioaren yn Collalbo. Hjir wûn se de 3000 meter. Har debút op it EK allround senioaren yn har eigen Thialf yn 2013 smiet in fiifde plak op.

Antoinette de Jong rydt yn Sotsji de 3000 meter en faaks ek noch op de ploege-efterfolging.

Sjoch hjir nei it profyl fan Rianne de Vries.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)