Hurdrider (37) rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
In 37-jierrige automobilist út Beverwyk is tiisdeitemiddei syn rydbewiis kwytrekke neidat er mei in snelheid fan 190 kilometer yn 'e oere oer de Ofslútdyk Fryslân ynried. De man koe op de N31 by Kimswert oanhâlden wurde. It rydbewiis fan de man is troch de plysje ynnaam.
It Iepenbier Ministearje beriedt him noch oer de straf.