Wenwyk komt sels yn aksje

De Ljouwerter wenwyk Tjerk Hiddes komt yn aksje tsjin it tanimmend tal ynbraken yn de wyk. Yn gearwurking mei de plysje ynspektearret in groep frijwilligers de buert op fertochte situaasjes. Boppedat wurde ek fernielings en ûnfeilige situaasjes om en yn de wenhuzen oanpakt.
In sosjaal wykteam hat hjirfoar mei stipe fan de gemeente in buertwurkpleats oprjochte. Dêr leare sa'n 15 wurkleaze bewenners in fak. Foar it praktykgedeelte fan de oplieding knappe se saken yn de buert op. Ek wurde se ynset foar it pleatsen fan anty-ynbraakstrips.
Doel fan de buertwurkpleats is dat de dielnimmers oan dit projekt letter betelle wurk fine.