Proseduere oer seefeartskoalle

De stichting Ons Schellingerland komt mei in alternatyf plan foar de nijbou fan de seefeartskoalle op Skylge. De stichting fynt it net akseptabel dat de skoalle seis ferdjippingen krijt. Ek is der ûnfrede oer de ûntslutingsdyk. Yn it plan fan de stichting wurdt de skoalle mar trije ferdjippingen heech, omdat dat better passe soe by in eilân as Skylge.
Om foar te kommen dat de hege skoalle der komt, stapt Ons Schellingerland nei de Ried fan Steat. Dat wurdt mei dien omdat neffens de stichting oerlis oer de bou net mooglik is.