Heldoorn offisjeel beneamd

29 jan 2014 - 06:27

Boargemaster Sicko Heldoorn fan Dantumadiel is tiisdeitejûn offisjeel mei syn wurk begûn. Heldoorn lei by in drokbesochte riedsgearkomste de belofte ôf. Dat die er yn it bywêzen fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma. Heldoorn is de opfolger fan Arie Aalberts, dy't no boargemaster fan de nije gemeente De Fryske Marren is.

Sicko Heldoorn wie earder boargemaster fan Assen, mar krige dêr gjin twadde termyn. Dêrfoar wie er boargemaster fan Opsterlân en deputearre yn Fryslân.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)