Crone yn bestjoerderswedstriid

Ferd Crone, boargemaster fan Ljouwert © ANP
Boargemaster Ferd Crone fan Ljouwert is ien fan de tsien kandidaten foar de titel 'Beste lokale bestuurder 2013'. De wedstriid wurdt organisearre troch it fakblêd Binnenlands Bestuur. Crone is nominearre om wille fan it binnenheljen fan Kulturele Haadstêd en syn krêftige optreden by de grutte sintrumbrân ôfrûne oktober.
De kandidaten binne keazen út hast 200 oanmeldings. Minsken kinne no stimme op de nominearren. Op 27 febrewaris wurdt de winner bekend makke.