Miljoenen Boalserter stedhûs

28 jan 2014 - 19:12

De gemeente Súdwest-Fryslân wol it monumintale stedhûs fan Boalsert foar in lytse 4 miljoen euro ferbouwe en útwreidzje. De provinsje betellet 1,5 miljoen euro mei, de rest fan it jild moat komme fan fûnsen en bydragen fan de gemeente. Oer de nije ynfolling fan it stedhûs wurdt al skoften praat en diskusearre, mar no't ek de provinsje meibetellet kinne plannen konkreet wurde.

Op de ûnderferdjipping moat de biblioteek komme. Op de boppeferdjipping krije it Titus Brandsma museum, it Gysbert Japicxhûs en de Aldheidskeamer Boalsert romte.

Dêrneist krijt it monumintale gebou in atrium as yngong en in loungeromte. Uterlik 2017 moat de ferbouwing klear wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)