Amtners fergaderje fytsend

28 jan 2014 - 17:02
  • Ek de notuliste fytste dapper mei
  • Lyndensteyn wie de lokaasje foar dizze bysûndere gearkomste
  • Spinne en fergaderje skynt goed tagelyk te kinnen....

In groep amtners hâlde tiisdei yn Beetstersweach foar it earst yn Nederlân al fytsend in fergadering. It giet om de proef om minsken mei in kantoarbaan, dy't in soad sitte, mear yn beweging te krijen. De amtners wurde sa sûner en kreativer, en as it goed is ek minder gau siik. It foldie de amtners fan de gemeente Opsterlân goed.

Trije studintes fan de sportoplieding fan de Hanzehegeskoalle hawwe it bewegend fergaderjen opset. Sy rinne staazje by it sintrum Medifit yn Beetstersweach.

It plan is om yn de takomst arranzjeminten oan te bieden oan amtners en oare kantoarlju. Dat soe bestean kinne út sûn ite, kuierje en bewegend fergaderje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)