Skiere mûntsen wolle nei Skier

28 jan 2014 - 15:32

De skiere muontsen fan abdij Sion yn Diepenveen tinke der oer om nei Skiermûntseach te ferhúzjen. Harren hjoeddeiske adbij út 1883 is fierstente grut foar de tolve muontsen dy't noch oer binne. Dat seit abt Alberic Bruschke yn De Kovel, it tiidskrift oer it kleasterlibben yn Nederlân en Flaanderen.

De sistersiënzer oarder fan Diepenveen hat sels al in pear lokaasjes op Skiermûntseach op it each, dêr't romte is foar it oprjochtsjen fan in nije, lytsskalige mienskip. Wannear't de muontsen nei Skiermûntseach ferhúzje sille is noch net bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)