Jonge held yn sintsje set

28 jan 2014 - 14:26

Jarno Frans Tjeerdsma út Ie is noch mar 5 jier, mar dochs al in echte held. Begjin desimber rekke syn mem Margriet Vlasman mei de auto yn 'e sleat by de Wâlddyk. Jarno Frans en syn sukse Jannemein fan 2 jier sieten by mem yn 'e auto. Omdat syn sukske net út de auto komme koe en mem by har bliuwe moast, koe it net oars dan dat de lytse Jarno Frans om help út moast.

Dat slagge goed troch alaarm te slaan by in boer. De helptsjinsten wiene doe sa mar te plak.

Moandei krige de jonge held in kado fan boargemaster Marga Waanders fan Dongeradiel. 'Omdat het geweldig is wat je hebt gedaan. Een hele goeie actie!' As passende kado hie se in plysje-auto fan Lego meinaam.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)