Sweveldamp op skoalle It Fean

© ANP
Op basiskoalle Atlas oan de Fluessen op It Hearrenfean wie tiisdei oan it begjin fan de middei in frjemde sweveldamp te rûken yn ien fan de romten yn de skoalle. Ut foarsoach is de brânwacht fan It Hearrenfean oproppen. Dy hat de romte ûndersocht.
It is noch net bekend wat de oarsaak is. De bern en it personiel ha gjin lêst hân fan de damp. De skoalle is dan ek net ûntromme.