Garnalebedriuw Heiploeg fallyt

28 jan 2014 - 12:30
  • Garnaleferwurker fan Heiploeg op de wurkflier yn Sâltkamp

Garnaleferwurker Heiploeg yn it Grinslanner Sâltkamp is fallyt. It fallisemint betsjut dat njoggentich minsken har baan kwyt binne. Heiploeg is fan doel om in trochstart te meitsjen as ûnderdiel fan fiskbedriuw Parlevliet & Van der Plas. Hjirtroch soene 300 fan de 390 meiwurkers oan it wurk bliuwe kinne.

By Heiploeg wurkje ek frijwat Friezen. It bedriuw is neffens eigen sizzen de grutste garnaleferwurker fan Europa. Heiploeg bedarre de ôfrûne jierren yn de reade sifers troch de ekonomyske krisis en de tanimmende konkurrinsje.

It bedriuw krige koartlyn ek noch in boete fan 27 miljoen euro fan de Europeeske kommisje fanwege in saneamd 'garnalekartel'. Oe de hiele wrâld wurkje sa'n 3.000 minsken by Heiploeg. De jieromset fan it bedriuw is sa'n 300 miljoen euro.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)