Gjin 500 meter foar Breeuwsma

28 jan 2014 - 12:16

Shorttracker Daan Breeuwsma fan Aldeboarn hat in grutte tebeksetter te pakken. Hy soe de 500 meter ride op de Olympyske Spelen yn Sotsji, mar dêr kin er in skras troch helje. "Grotere teleurstelling had ik niet kunnen krijgen. Paar jaar over gedroomd 500 meter in Sochi! Geloofde er in. In 1 keer de grond in getrapt", twittere Breeuwsma. Op de 500 meter komme Sjinkie Knegt, Niels Kerstholt en Freek van der Wart út.

Foar Breeuwsma bliuwt no allinne de ploege-ôflossing oer.

Yn dy ploech sitte fiif man: Knegt, Kerstholt, Van der Wart, Christiaan Bökkerink en Daan Breeuwsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)