Hast helte Friezen te grou

28 jan 2014 - 11:53

Yn Fryslân is 47 % fan 'e ynwenners boppe de 19 jier te swier. Dat docht bliken út ûndersyk fan GGD Fryslân. It persintaazje te grouwe minsken yn Fryslân leit boppe it lanlik gemiddelde fan 40 prosint. Fan de te grouwe Friezen hat 36 persint matich oergewicht en 11 prosint earnstich.

Opfallend is dat manlju mear as froulju lest hawwe fan in pear kilo's tefolle. By earnstich oergewicht leit dat krekt oarsom. Dêr hawwe froulju mear lest fan. It persintaazje oergewicht is heger by âlderen en by arbeidsûngeskikte en wurkleaze minsken.

Trefwurden: 
GGD oergewicht
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)