Seaddehûs wurdt wer opboud

28 jan 2014 - 11:32
  • It ynsakke seaddehûs hat grutte skea

It seaddehûs yn Furdgum wurdt wer opboud. It hûs stoarte yn novimber foar in part yn. It doel is om de werbou foar it briedseizoen, heal maart, klear te hawwen. Sa kinne de seadden goed útdroegje, en dat is fan belang foar de stevichheid. De provinsje hat 50.000 euro beskikber foar it projekt, en ek de Ryksuniversiteit Grins betellet mei.

Der wurdt noch socht nei frijwilligers mei ûnderfining dy't meihelpe wolle oan de werbou fan it seaddehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)