Sotsji: Rianne de Vries

28 jan 2014 - 10:10
  • Rianne de Vries

It is noch tsien dagen foardat de Olympyske Spelen yn Sotsji begjinne. Mear as tsien Fryske sporters komme yn aksje by it reedriden, shorttrack en bobslydzjen. Alle dagen op www.omropfryslan.nl in profyl fan ien fan de dielnimmers út Fryslân. Hjoed is dat: Rianne de Vries (23 jier, Lúnbert, shorttrack).

Rianne sil net in protte yn aksje komme yn Sotsji. De âld-langebaanrydster is opnommen yn de ôflossingsploech mei Jorien ter Mors, de suskes Sanne en Yara van Kerkhof en Lara van Ruijven. De Vries die yn jannewaris fan dit jier in protte ûnderfining op by it Europeesk kampioenskip yn Dresden.

Rianne de Vries komt miskien út op de ploege-ôflossing.

Sjoch hjir nei it profyl fan Jorrit Bergsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)