Soargen oer feangreidegebiet

28 jan 2014 - 07:54

De provinsje makket him soargen oer de boaiemdelgong fan it Fryske feangreidegebiet. Omdat de boaiem sakket ûntstean ûnder oaren skuorren yn riolearringsbuizen en fersakket it Fryske wegenet. Boppedat binne der grutte konsekwinsjes foar it wetterbehear. As it wetterpeil sakjen bliuwt driigje hiele natoergebieten te ferdroegjen en sil it fean úteinlik ferdwine. Oan de oare kant ha agraryske ûndernimmers wer belang by in lege stân fan it grûnwetter.

De provinsje wol no ta nij belied komme. Tiisdei is in earste byienkomst.

De provinsje wol no yn gearwurking mei de gemeenten en Wetterskip Fryslân ta in belied komme dat dit proses keare kin. Dêrfoar wurde ynformaasjejûnen organisearre, wêrby't alle belutsen partijen harren miening jaan kinne. Doel is dat dy mieningen en advizen meinommen wurde yn it úteinlike beliedsplan. Tiisdei wurdt in earste bijienkomst holden yn Tytsjerk, wêrnei noch ynfojûnen op It Fean en De Jouwer folgje sille.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)