Soargen ried Opsterlân oer Polderhoofdkanaal

De gemeenteried hat soargen oer de stap fan beswiermakkers nei de Europeeske rjochter om it beslút oer it Polderhoofdkanaal te ferneatigjen. Neffens wethâlder Jonkman hat dat gjin kâns. It is allinnich lukratyf foar advokaten. Jonkman tinkt wol dat it in put wurdt it projekt op 'e tiid ôf te krijen.
Njoggen moanne betsjut dat it net al te lang bot frieze moat. It wurk moat foar 31 desimber klear wêze yn ferbân mei subsydzjes. No't de ried ynstimd hat mei it beslút, sil Jonkman tiisdei de opdracht jaan it wurk wer yn gong te setten.
De gemeenteried fan Opsterlân prate ek noch oer kultureel sintrum De Skâns op De Gordyk. Dat moast it fallisemint oanfreegje. It gemeentebestjoer moast yngripe om it sintrum iepen te hâlden. De ried woe dêroer graach dúdlikens hawwe, want benammen de opposysjepartijen fine dat se min ynformearre binne oer de gong fan saken. Foar de gemeenteriedsferkiezings fan 19 maart moat it plan foar de takomst fan De Skâns klear wêze.