Ferbod drugs by boatsjeminsken

10 feb 2012 - 14:25

It brûken fan drugs troch bestjoerders fan boaten moat ferbean wurde. No jildt sa'n ferbod allinnich foar automobilisten. Twadde Keamerlid Sander de Rouwe (CDA) wol dat útwreidzje nei it wetter. Neffens him jilde dêr deselde gefaren as op de dyk. Wetterplysjes moatte standert in test oan board ha om de kontrôle te dwaan. Ek wol De Rouwe dat jongerein dy't oan boatsjes hingje of fan brêgen ôf springe op kursus gean. Se moatte sa wiisd wurde op de gefaren.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)