Baas fan Hefpunt op non-aktyf
De direkteur fan belestingkantoar Hefpunt yn Grins is per direkt op non-aktyf setten. Dat meldt RTV Noord. It Hefpunt is ûnder oaren ferantwurdlik foar de heffings fan Wetterskip Fryslân. It algemien bestjoer fan it belestingkantoar wol mear gearwurkje mei gemeenten, mar wit net oft dat mei de hjoeddeistich direkteur ek slagget.
De kommende tiid wurdt besjoen hoe't it no fierder moat.