Polare giet tydlik ticht

De boekwinkel fan Polare yn Ljouwert giet tydlik ticht. Dat hat it bedriuw moandei bekend makke. Ferline wike berikte Polare in oerienkomst mei it Centraal Boekhuis oer de levering fan boeken. Polare seit no dat dy oerienkomst net genôch garânsjes jout dat der ek echt levere wurdt. De tydlike sluting jildt ek foar de oare fêstigings yn Nederlân. Dat binne der njoggentjin.
Polare is in kombinaasje fan de winkels fan Selexys en De Slegte. Hoelang't de winkels krekt tichtbliuwe is net bekend makke.